Reitsma wint yn Earnewâld

28 des 2010 - 10:47

Reedrydster Mireille Reitsma út Emmeloord hat de wedstryd op it natueriis by Earnewâld tiisdei wûn. De Fries om utens kaam yn de natueriisklassiker oer 50 km allinnich oer de finish. Twadde waard Carla Zielman, dy't snein noch Nederlânsk kampioen waard by it maratonriden op it keunstiis.

It tredde plak wie foar Foske Tamar van der Wal. Ek in Fries om utens. Se waard ôfrûne wike noch Nederlânsk kampioen op de maraton op natueriis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)