Gemalen polders bliuwe út

28 des 2010 - 09:57

Wetterskip Fryslân hâldt de gemalen yn de polders noch út. Dit om foar te kommen dat it natoeriis gjin skea oprint. Allinnich op plakken dêr't it wetter te heech komt, steane de gemalen in pear oeren oan om wetteroerlêst foar te kommen.

It ôfstreamen fan wetter út de Fryske boezem nei de Iselmar en de Waadsee leit hielendal stil. Ofstreaming is net nedich, omdat der hast gjin delslach fallen is en der foaral iisdagen west hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)