Van de Kolk gjin listlûker

Ad van de Kolk
Fraksjefoarsitter Ad van de Kolk fan de steatefraksje fan Feriene Lofts is net beskikber as listlûker by de steateferkiezings fan takom jier. Dat lit de partij tiisdei witte. Van de Kolk wol him rjochtsje op syn riedslidmaatskip yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân.
Hy is wol beskikber foar in leger plak op de list. De steatefraksje fan Feriene Lofts ûntstie neidat in tal ûntefreden SP-leden út de steatefraksje fan dy partij stapte.