Bêste oaljekoeken yn Wolvegea

28 des 2010 - 07:59

De bêste Fryske oaljekoekebakker komt neffens de jierlikse test fan it Algemeen Dagblad út Wolvegea. Bakker Ivo Vliegendehond stiet op it 26e plak, ferline jier stie er noch op it 6e plak. Neffens de sjuery woe er dit jier wierskynlik wat te moai dwaan. De bakker fan Easterwâlde stiet no 37e, ferline jier stie dy op plak 90.

Henk Wielders fan Ljouwert en Sieb's Oliebollen út Harns falle yn de kategory 'zeer slecht'. Oer Wielders seit it AD: "Vieze sompige bollen. Bah!"

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)