700 besikers benefytkonsert

27 des 2010 - 21:54

It benefytkonsert 'Friese Sterren Stralen op 3e kerstdag' hat moandei mear as 700 minsken lutsen. Sy kamen nei de Martinitsjerke om bekende Friezen as Leny Dykstra, Syb van der Ploeg, Twarres, Die Twa en noch folle mear, oan it wurk te sjen.

De tagong wie fergees, mar de minsken koenen wol wat jild kwyt foar it goede doel. De opbringst giet nei de stifting Doe een Wens. De jûn wie in inisjatyf fan filmmakker Steven de Jong en producer Wenda van der Pol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)