Stefan Groothuis op titelkoers

27 des 2010 - 20:14

Stefan Groothuis hat nei de earste dei fan it NK sprint in foarskot naam op syn fjirde Nederlânske titel. Op it iis fan Thialf ried er in poerbêste 1000 meter: winst yn 1.08.54. Op de 500 meter wie Groothuis yn 35.26 krekt minder rap as Snitser Jan Smeekens (35.04). Jesper Hospes waard mei in pr fan 35.74 sechsde op de 500 meter.

Op de 1000 meter waard Sjoerd de Vries fan Twellingea kreas tredde yn 1.09.90. Jan Smeekens waard op dy ôfstân fjirde yn 1.10.23.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)