Friezen gek op âld en nij

Friezen steane fan alle Nederlanners it meast stil by âld en nij. Fan de Friezen fiert 85 persint âld en nij, fan de Nederlanners fiert mar 77 persint feest by de jierwiksel. In mearderheid fiert âld en nij thús mei famylje of freonen.
Tsien persint fan de Nederlanners giet nei in grut feest dat organisseare is foar âld en nij. Dat docht allegear bliken út in ûndersyk fan de Staatsloterij, dy't jierliks útsykje lit hoe't de jierwiksel belibbe wurdt.