Dizze wike koalysje SWF

Tongersdei wurde de earste wethâlders fan de gemeente Súdwest Fryslân presintearre. Ek it koalysjeakkoart wurdt dan nei bûten brocht. Dat makke de gemeente moandei.
Dizze oankundiging betsjut neffens de ûnderhanneljende partijen CDA, PvdA en VVD net dat se der no al út binne. Der wurdt ek yn de kommende dagen noch trochûnderhannele. Neffens de belutsenen giet it om de lêste puntsjes op de i, mar kin it ek noch folslein misrinne.