KNSB: 100 fan Earnewâld kin

De skiedsrjochter fan de KNSB seit dat de reedrydmaraton fan Earnewâld trochgean kin. De klassiker wurdt tiisdei hâlden. Der is 15 sintimeter iis metten. It iis is dêrmei betrouber. Tsientallen frijwilligers binne moandei drok oan de gong om alles op 'e tiid klear te krijen. In soad minsken wolle har ynskriuwe.
Oant in oere foar de maraton kinne minsken har noch ynskriuwe. De feteraneklasse, dêr't alle bekende reedriders oan meidogge, sit al fol.