Soad nijkommers yn Top 100

27 des 2010 - 15:03

De stimmen foar de Fryske Top 100 fan 2010 binne teld. By de nûmers 100 oant en mei 11 sitte 20 nijkommers. Heechste nijkommer is it liet Moaie eagen fan Strawelte mei Anneke Douma en Harrekiten. Oare nije nammen yn de list binne Lietwinner Equal Souls en Ljippesop mei Tiete Sijens.

De nûmers 100 oant en mei 11 steane op de webside fan Omrop Fryslân. De top 10 bliuwt geheim oant Aldjiersdei, as de hiele list útstjoerd wurdt op Omrop Fryslân radio.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)