Karbidsjitte Ternaard mei net

27 des 2010 - 12:10

De jeugd yn Ternaard krijt gjin tastimming om yn it doarp karbid te sjitten. Yn 2008 soene der fernielings west ha en dêrom wol de gemeente it net lije.

De doarpsbewenners binne fernuvere. In pear wiken lyn soene der tasizzings dien wêze oan Doarpsbelang dat it dit jier mocht. Dy tastimming waard op it lêste momint ynlutsen. Reden foar de omwenners, de jeugd en Doarpsbelang om yn opstân te kommen. Se wolle yn it sintrum karbidsjitte.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)