Jansma komt mei eigen bobteam

De bobbers mei de nije sponsor
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein begjint mei piloat Edwin van Calkar mei in eigen kommersjeel bobslydteam. Se ha yn Lowergy Concepts in nije haadsponsor fûn. It team komt los te stean fan it bobslydbûn.
Jansma en Van Calkar diene earder dit jier mei oan de Olympyske Spelen yn Vancouver. Dat rûn út op in fiasko. Nei in ûngemak wegere Van Calkar nochris mei de bobslide nei ûnderen te gean. Jansma seit dat hy altyd betrouwen hâlden hat yn Van Calkar.