12.000 stimmers foar Top 100

Der hawwe dit jier sa'n 12.000 minsken stimd foar de Fryske Top 100. Dat is sawat likefolle as ferline jier. Twadde krystdei wie de lêste dei dat der stimd wurde soe. Om healwei seizen waard de stimmerij sluten en koe it tellen begjinne.
De list fan de nûmers 11 oant en mei 100 stiet dizze wike ek yn wykkrante Fryslân. De top 10 bliuwt geheim oant de dei fan de útstjoering en dat is âldjiersdei.