Bousektor moat kreatyf tinke

26 des 2010 - 16:41

De gemeente Tytsjerksteradiel wol mei ûndernimmers kreative oplossings betinke foar de problemen yn de bousektor. De wurkgelegenheid stiet yn dy sektor bot ûnder druk. En yn plak fan sels mei stimulearringsplannen lykas subsidzjes te kommen, wol de gemeente graach tegearre mei bedriuwen nei oplossings sykje.

De gemeente noeget de ûndernimmers derom út foar in brainstoarmsesje yn jannewaris. De gemeente wol alle oplossings mei-elkoar útwurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)