Dronryp hâldt droege fuotten

26 des 2010 - 16:33

Ynwenners fan Dronryp hoege net mear benaud te wêzen dat harren strjitte ûnderstrûpt nei in swiere reinbui. De gemeente leit dizze simmer yn ûnder oare de Dotingatún, Skoallânswei en de Gibbeflecht nije riolearring oan.

Bewenners krije ek de kâns om harren eigen reinwetteropfang op it rioel oan te sluten. Dit is nedich omdat in soad túntsjes betegele wurde en it wetter net goed yn de grûn sakje kin. Der komme noch ynformaasjebyienkomsten foar de bewenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)