Soargen oer fjoertoerbesetting

26 des 2010 - 13:20

It bûn fan wettersporters, it Watersportverbond, makket har soargen oer it feit dat de fjoertuorren fan Skylge en Skiermuontseach ynkoarten mar 12 oeren op in dei bemand binne. Neffens harren is it beslút fan steatssekretaris Joop Atsma mar in part fan de oplossing. Allinnich in folslein bemande toer kin goed wurk dwaan fine se.

Neffens it bûn kin de technyske apparatuer noch net it minsklike each ferfange. .

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)