Speerstra skriuwt kadoboek

Hylke Speerstra
Hylke Speerstra skriuwt it kadoboek foar de Moanne fan it Fryske boek fan takom jier. Dy is fan 16 septimber oant en mei 22 oktober. Utjouwerij It Fryske Boek en letterkundich sintrum Tresoar organisearje de boekemoanne.
It is de twadde kear dat de Moanne fan it Fryske boek hâlden wurdt. Foarhinne wie der de Fryske Boekewike mei de sutelaksje. De ferkeap mei kroaden oan 'e doar hat plakmakke foar oare aktiviteiten. Doel is it literêre en kulturele klimaat te ferbetterjen.