Lêzing oer spesjale Burgumer

25 des 2010 - 13:25

Yn Burgum is op twadde krystdei in lêzing by de eksposysje oer Anne Tjibbes van der Meulen. Hy wie de soan fan 'e Fryske skriuwer Tjibbe Gearts en libbe fan 1862 oant 1934. Anne Tjibbes wenne in skoft yn Nederlânsk-Yndië. Dêr sammele er keunstfoarwerpen en Sineesk porslein en letter yn Kaïro antyk glês. Dat is yn Burgum te sjen.

De lêzing is om 14.00 oere yn it streekmuseum. De foarwerpen binne tydlik oerbrocht nei Burgum út it Ryksmuseum foar Aldheden yn Leiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)