Boerd Alvestêdetocht stellen
Unbekenden hawwe by it finishplak fan de Alvestêdetocht op 'e Bonkefeart by Ljouwert it rûteboerd fan 'e Alvestêdetocht stellen. De dieders hawwe in briefke achterlitten. Dêrop stiet de tekst: 'De elfstedenkoorts gaat ons wat te vlug. Met 15 centimeter ijs brengen we het bord terug.'
Nei alle gedachten giet it om in âldjiersstunt.
Trefwurden:
argyf