Ljouwerter ferwûne yn Drinte

24 des 2010 - 20:23

In 34-jierrige automobilist út Ljouwert is freedtemoarn ferwûne rekke by in ûngelok tusken Beilen en Hoogersmilde yn Drinte. Hy wie mei syn frachtwein fan de dyk ôf rekke en moast mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde.

It wie net it iennichste ûngelok yn dy provinsje. De plysje dêr krige mear as 90 meldingen fan slippartijen en ûngelokken. Benammen de stosnie, sniedunen en glêdens wiene de oarsaak.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)