Present Leeuwarden súkses

De Hofwijck
Al hast 50 kear hat Stichting Present Leeuwarden bemiddele tusken minsken dy't help jaan wolle en minsken dy't dy help krekt nedich hawwe. Takom wike sil de organisaasje har 50ste projekt útfiere. In âldere frou moat dan ferhuze wurde nei in nije keamer yn de Hofwijck yn Ljouwert.
Ferskate frijwilligers sille de ferhuzing útfiere. De stifting is yn fjouwer Fryske gemeentes fertsjintwurdige.