Ambachtlike skipsbou rint goed

24 des 2010 - 16:12

Nettsjinsteande de ekonomyske krisis giet it goed mei de ambachtlike skipsbou yn Fryslân. Sa hawwe se it by skipswerf De Jong op De Jouwer noch nea se drok hân. It bedriuw makket al sûnt de santjinde ieu houten skippen en wurket gemiddeld oan ien of twa boaten yn it jier. Dit jier lykje se dêr boppe te kommen.

Sa wurdt der no wurke oan twa skippen tagelyk. Eigner Aaldert de Jonge moat dêrom ekstra mankrêft ynhiere en no ek efkes 'nee' ferkeapje oan nije klanten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)