Ferwûne by ûngelok Aldhoarne

24 des 2010 - 14:32

By in ûngelok yn Aldhoarne is tongersdeitemiddei in 21-jierrige man út Nijhoarne ferwûne rekke. Omtrint healwei fjouweren ried de man rjochting Aldeberkeap doe't in 60-jierrige man fan It Hearrenfean út tsjinoerstelde rjochting kaam.

Beide bestjoerders giene foarinoar oan de kant, mar nei alle gedachten trape de man fan Nijehoarne dêrby op 'e rem. Dêrtroch slipte syn auto en kaam er op de ferkearde helte fan de dyk telâne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)