Yllegaal fjoerwurk yn Snits

24 des 2010 - 14:27

De plysje hat ôfrûne tiisdei yn in pân oan de Smidstrjitte yn Snits 130 kilo yllegaal fjoerwurk fûn. It fjoerwurk waard fûn nei oanlieding fan in tip.

Doe't plysjes yn it pân dwaande wiene kaam der in man del dy't sei dat it syn fjoerwurk wie. De 31-jierrige Snitser waard dêrop oanhâlden en oerbrocht nei it buro. It fjoerwurk is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)