Ryksjild foar Eaststellingwerf

24 des 2010 - 14:18

Eaststellingwerf krijt hast 114.000 euro fan it Ryk foar it reyntegraasje-belied. De gemeente docht bot syn bêst om foar te kommen dat ynwenners sûnder wurk komme te sitten en om wurkleazen gau wer oan de slach te krijen. De oanfollende útkearing is bedoeld om in gat fan ferline jier te tichtsjen.

Doe wie der in tekoart op it bijstânsbudzjet. Gemeenten meie dan in berop op it Ryk dwaan, mar it Ryk stelt wol strenge easken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)