"Reedride is no gefaarlik"

Minsken dy't te reedriden wolle op bûtenwetter, moatte der goed om tinke. Troch it teiwaar is de iisdikte op guon plakken in stik minder wurden. Dêr warskôget de iiswegesintrale ôfdieling Warkum foar. IIsmaster Jan Oostenbrug fan de Fryske Alvestêden dielt dy warskôging.
By kontrôle fan it iis freedtemoarn die bliken dat op plakken dêr't it iis earst noch sa'n 9 of 10 sintimeter dik wie, it no noch mar 4 of 5 is. Under brêgen leit soms hielendal neat mear.