Megajacht makke yn Fryslân

23 des 2010 - 21:37

Jachtwerf De Vries yn Makkum set yn augustus 2011 útein mei de bou fan it langste jacht dat ea yn Nederlân boud is. It wurdt 99 meter lang en is te fergelykjen mei in marinefregat. It megajacht dat mear as 100 miljoen euro kostje moat krijt in helikopterhangar oan board en sil benammen opfalle troch syn foarmjouwing.

It wurk oan it skip is goed foar in pear hûndert banen. De Vries siket noch hieltyd om fakminsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)