Heler skopt plysje

23 des 2010 - 21:13

In 66-jierrige man fan Wynjewâld is tongersdeitemoarn oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in agint en heling. Hy hie in stellen oanhingwein op it hiem stean. Doe't de eigner fan de wein syn guod by de fertochte op it hiem stean seach, belle er fuort de plysje.

Doe't dy de man letter oanhâlde woe trape er in agint tsjin syn skonk en besocht er de plysjeminsken te slaan. De man is meinaam nei it buro, de oanhingwein is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)