Hûnen wer op binnenpaad

23 des 2010 - 18:53

It ferbod foar hûnen op it histoaryske Jelsumer Binnenpaed wurdt opheft. It ferbod wie ynsteld troch de gemeente Ljouwert om't der yn it ferline in protte klachten wiene oer losrinnende hûnen op it paad. De stront fan de hûnen soe parasiten ha dy't by kij in miskream feroarsaakje kin.

Nei ûndersyk fan in studint fan hegeskoalle Van Hall Larenstein die bliken dat it risiko op besmetting lykwols hast nihil is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)