Maaltijdservice Noord is drok

23 des 2010 - 16:22

Fanwege it winterske waar hat Maaltijdservice Noord der tsientallen klanten by. De tsjinst is bedoeld foar minsken dy't sels net mear iten siede of boadskippen dwaan kinne.

Al mei al hat Maaltijdservice Noord no sa'n 3500 klanten yn Noard-Nederlân, ynklusyf de soarchsintra. Sjauffeurs bringe it iten of de boadskippen by de minsken thús. Bytiden ha se in kaai en kinne se, ek as de klant net thús is, dochs it iten besoargje. Benammen âlderen meitsje gebrûk fan de tsjinst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)