Foske Tamar v.d.Wal wint NK

23 des 2010 - 15:48
Foske Tamar van der Wal

Foske Tamar van der Wal (24) út Grins is tongersdei Nederlânsk kampioene maratonriden op natoeriis wurden. Yn 'e einsprint wie Van der Wal te fluch foar Mireille Reitsma en Sandra 't Hart.

It kopgroepke bestie earst út acht rydsters, mar troch de hurde wyn tinne dy kopgroep út. De oerwinning fan Van der Wal is opfallend, omdat se noch nea earder sa'n lange wedstriid op natoeriis wûn.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)