Oerol wurdt mooglik 'sirkus'
De omfoarming fan it Oerolfestival as sirkus bliuwt foar de takomst in mooglikheid om ûnder it hege btw-taryf foar poadiumkeunsten út te kommen. As it btw-taryf yn july echt omheech giet nei 19 persint, wurdt it festival yn 2012 mooglik feroare yn in sirkus.
Dy ferheging is útsteld oant 1 july. De kaartsjes fan de edysje fan takom jier wurde dêrom noch net djoerder. Foardat de btw-ferheging útsteld waard wie it plan om yn elts gefal ien foarstelling as sirkus oan te merken.
Trefwurden:
argyf