Jacht op wetterfûgels stillein

Der mei fan moandei ôf net mear jage wurde op wetterfûgels. Dat hat de provinsje besletten fanwege it winterwaar. It iis yn sleatten en marren makket it foar de fûgels hieltyd dreger om by iepen wetter te kommen. De jacht kin neffens de provinsje de fûgels noch swakker meitsje.
It jachtferbod jildt oant de waarsomstannichheden ferbetterje. De provinsje moat dan in offisjeel beslút nimme dat de jacht wer tastien wurdt.