FNP Súdwest-Fryslân lulk
De FNP fielt him bûtensletten by de kolleezjefoarming yn Súdwest-Fryslân. CDA, PvdA en VVD ûnderhannelje sûnder de Frysknasjonalen fierder en dat is der fier by troch, fynt de FNP.
De partij fielt har sûnder politike motiven oan de kant set. Germ Gerbrandy fan de FNP fynt dat it net kin dat twa grutte, mar krimpende lanlike politike partijen de grutste winner by de ferkiezings yn Súdwest-Fryslân samar oan kant sette. Gerbrandy neamt dit 'in misslach'.