Hotelbaas begjint 'sliepsite'

No't ek Alvestêdefoarsitter Wieling net útslút dat der in Alvestêdetocht komt is de belangstelling foar sliepplakken yn Ljouwert en omkriten bysûnder grut. Friezen dy't graach ûnderdak biede wolle oan Alvestêderiders kinne harren fan tongersdei ôf oanmelde op in spesjale website dy't riders en oanbieders fan útfanhuzersplakken byinoar bringt.
It giet om in inisjatyf fan Van der Leij fan Hotel 't Anker yn Ljouwert. Sjoch op www.elfstedenreservering.nl