Drintske autodief trapearre

23 des 2010 - 09:48

In 18-jierrige ynwenner fan Assen hat woansdeitenacht in auto besocht te stellen fan in hiem oan de Hoofdweg-boven yn Haulerwyk. Omdat it sa glêd wie, slagge dat net: hy krige gjin grip en stapte út. In tsjûge belle 112 en op grûn fan it sinjalemint koe de plysje de man út Assen al gau oanhâlde.

De man wie dronken. Hy is oanhâlden foar it stellen fan in auto, it riden ûnder ynfloed en riden sûnder riidbewiis.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)