Oprop mem Marianne Vaatstra

Lokale omroppen yn Noardeast-Fryslân hawwe woansdei in taspraak útsjoerd fan Maaike Terpstra, de mem fan Marianne Vaatstra. Yn dat boadskip ropt Terpstra tsjûgen op om har te melden en de wierheid te fertellen. Neffens har binne der yn it ferline in protte leagens ferteld. Dat soe ek bliken dwaan út in nij ûndersyk troch de webside Klokkenluidersonline.nl.
Terpstra en de minsken achter dy site sizze gjin fertrouwen mear te hawwen yn plysje en justysje.