Stroomsteuring Ljouwert foarby
Goed 900 húshâldens yn it noarden fan Ljouwert hawwe woansdeitejûn koarte tiid sûnder stroom sitten. Om goed kertier foar sânen foel de stroom út trochdat in transportkabel útfoel. De steuring hat in goed oere duorre.
Enerzjybehearder Enexis hat noch gjin idee hoe't de steuring ûnstien is. Neier ûndersyk moat dat útwize.