Better kommunisearje mei dôven

It MCL yn Ljouwert kin in soad saken ferbetterje as it giet om de kommunikaasje nei dôven en minsken dy't net goed hearre kinne. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Centrum voor Doven en Slechthorenden.
Yn oktober en novimber testen frijwilligers yn fjouwer ploegen de sintrale hal en alle poly's fan it sikehûs. Yn it rapport steane in grut tal oanbefellings. It sikehûs sil saken dy't maklik te realisearjen binne oan te passen.