IIs op Wimerts stikkenfearn

22 des 2010 - 17:15

By Heech is in gefaarlike situaasje ûntstien op it iis. In sleepboat hat dêr in part fan it iis stikkenfearn. It skip is fanút de yndustryhaven fan Heech it krúswetter mei de Wimerts oer west. Op dy Wimerts wurdt in soad riden, ek al is it net bot fertroud.

Minsken drigen yn it stikkenfearne iis te riden en dêrom hat it rayonhaad fan de iiswegesintrale Wymbritseradiel grut alarm slein by de plysje en de provinsje. Dy wolle net yngripe om't der gjin baan útset wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)