Ferbouwing doarpshûs Terwispel

22 des 2010 - 16:11

It doarpshûs yn Terwispel wurdt ferboud. Bewenners meitsje al hast 25 jier gebrûk fan it gebou, mar it is eins te lyts. Foar in soad ferieningen is it wichtich dat der nije sealen by komme. Der binne ferskate sealen njonken de sportseal. Dat jout wolris oerlêst by fergaderingen.

Opsterlân hat goed in euroton beskikber steld. Der moatte noch fûnsen oanskreaun wurde. De ferbouwing kostet sa'n 400.000 euro. Takom jier moat mei de ferbouwing begûn wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)