Grienteboer al 55 jier op merk
Grienteboer Hielke de Veen waard woansdei yn it sintsje set. Hy stie mei syn kream op de merk yn Wolvegea doe't in soad parse der by kaam. Wethâlder Jongbloed oerlange him in kado.
Dat kado wie net inkeld foar syn 70ste jierdei, mar ek om't er 55 jier alle wiken op de merken fan Wolvegea en Noardwâlde stiet.
Trefwurden:
argyf