1000 Riders op De Leyen

22 des 2010 - 15:28

De Leyentoertocht hat woansdei goed 1000 reedriders lutsen. De tocht by De Rottefalle wurdt al foar de twadde kear dit jier riden. Dat is in unyk yn de histoarje fan de Leyentocht. De earste edysje wie yn febrewaris dit jier.

Riders koene harren ynskriuwe foar in tocht fan 20, 40 of 60 kilometer. De baan lei der goed by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)