Rutger Hauer yn film Heineken
Rutger Hauer fan Beetstersweach sil de haadrol spylje yn de nije Nêderlanske film 'De Heineken Ontvoering'. De ferneamde akteur spilet bierbrouwer Alfred Heineken yn de trije wiken fan syn ûntfiering yn 1983 en de moannen dêrnei.
De opnames foar de film begjinne yn maart 2011. Ein takom jier moat de film yn de bioskoop te sjen wêze.