Utwreiding farferbod

22 des 2010 - 15:05

It farferbod wurdt fan woansdeitenacht ôf flink útwreide. Ek op de farwei nei Drachten en it Johan Frisokanaal mei net mear fearn wurde. Ek it ferbiningskanaal yn Harns oant de yndustrybrêge giet foarearst ticht foar al it farferkear.

Mei it ferbod wol de provinsje it groeiende iis alle kâns jaan. Allinnich guon wichtige farrûtes by Ljouwert en Snits bliuwe no noch iepen en de farwei nei It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)