Rekôr klokliede is slagge
It rekôr om 24 oeren de klokken te lieden yn Aldhoarne is slagge. Doel wie om de ieuwenâlde tradysje fan it Thomaslieden te behâlden en de jeugd wer mei dy tradysje yn de kunde te bringen.
Neffens de organisaasje is dat lêste slagge. Dy tinkt dat de jongerein troch dit rekôr no mear hat mei de tradysje.