Goed nijs foar lytse skoallen

Skoallen mei minder as 23 learlingen kinne fan 1 jannewaris ôf mooglik iepenbliuwe. De minister fan ûnderwiis hat it foech om skoallen iepen te hâlden, ek al binne se neffens de wet te lyts. De skoallen moatte wol kwalitatyf goed wêze. En it moat ek dúdlik wêze dat it tal learlingen yn de takomst wer groeie sil.
De wetswiziging is goed nijs foar lytse skoallen op it plattelân, dêr't it foarkomt dat sluting driget om't der te min bern op sitte.