Nije sponsor Aris nedich

22 des 2010 - 10:49

Basketbalklup Aris moat op syk nei in nije haadsponsor. Soarchfersekerder De Friesland hâldt nei twa jier op mei de finansiering. De Friesland wie twa jier lang de haadsponsor, mei in opsje foar noch in tredde jier. Koartlyn hat de fersekerder bekend makke dêr gjin gebrûk fan te meitsjen. De Friesland bliuwt noch wol belutsen by de basketbalklup.

Aris giet no op syk nei ien of meardere bedriuwen dy't de sponsoring oernimme wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)