Utkyktoer Bakkefean iepen

22 des 2010 - 10:32

De útkyktoer yn Bakkefean sil faker iepen wêze. It stek om de Belvédère is no wolris ticht fanwege oerlêst fan jongerein. Opsterlân nimt 1 jannewaris it behear en ûnderhâld oer en dan bliuwt de foarsjenning permanint iepen. Dat hat it kolleezje besletten.

It oernimmen wurdt dien op fersyk fan de hjoeddeistige behearders. De toer wie eartiids op inisjatyf fan it doarp. In fersyk fan de behearders om in part fan de ynvestearing werom te krijen, wurdt net ynwillige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)