JSF makket net mear leven

22 des 2010 - 10:05

De provinsje is wiis mei de útkomsten fan in nij ûndersyk nei it lûd fan de JSF. Ut dat ûndersyk docht bliken dat de JSF net mear lûd makket as tastien is. It nije ûndersyk is dien om't omwenners fan de fleanbasis twifelen oer de útkomsten fan earder ûndersyk nei de opfolger fan de F16. Ek dêrút die bliken dat de JSF binnen de lûdsnoarmen bliuwt.

De provinsje sil de útkomsten brûke yn de striid om de fleanbasis yn Ljouwert iepen te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)